Cookie beleid vv Oosterlittens

De website van vv Oosterlittens is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Binnen de site worden er op dit moment geen analytische cookies gebruikt.

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

In Memorium Johannes van IJs

In Memorium Johannes van IJs

7 januari 2024 18:00


Dizze wike krigen wy it tryste nijs te hearen dat âld trainer Johannes van IJs ferstoarn is op 30
desimber 2023. Hy is 84 jier wurden.

Yn 1989 giet Johannes van IJs oan de slach by V.V. Oosterlittens. Hy sil 6 seizoenen trainer wêze by de Littensers. Al gau docht bliken dat Van IJs in fuotbaljende trainer is. Dat hat tiid nedich, de earste 2 seizoen eindigt Littens dan ek op in 7e en 8e plak. It tredde seizoen giet it al in stik better en wurdt Littens 5e. Seizoen 1993-1994 is it beste seizoen fan Johannes van IJs, en wurdt Littens knap 2e yn de kompetysje, mei û.o. de legedaryske 5-6 oerwinning by OSI ’78 yn Ljouwert. Spitigernôch levert dit gjin promoasje op. Nei it seizoen 1994-1995 nimt Van IJs ôfskie fan Littens. Hy wie dêrnei noch 1 seizoen trainer yn syn wenplak Arum.

Neist dat Van IJs in fuotbaljende trainer wie, wie hy ek altyd posityf, freonlik, hie hy altyd belangstelling foar alle spilers, staf en fêste supporters, foar de thússituaasje, by jonge spilers ynformearje oer de stúdzje, ensfh. Hy wie altyd tige enthousiast en brocht dat ek oer op de spilers. At Van IJs dan nei hûs gong, noch efkes by alle spilers lâns en harren noch in goede snein tawinskje. “En tiisdei gean we wer lekker trainen, mannen!” Troch de neamde eigenskippen wie Van IJs in tige wardearre trainer en klupman fan V.V. Oosterlittens.

Neist trainer fan Littens en V.V. Arum (mar leafst 18 seizoenen) wie Van IJs ek trainer fan û.o. Mulier, Stormvogels’64, Trynwalden en Dronryp. Mei altyd syn frou Fetsje as steun neist him. Sy is spitigernôch yn 2015 ferstoarn. Tegearre wienen se ek noch oanwêzich op it 75-jierrich jubileum fan V.V. Oosterlittens yn 2010.

Wy winskje de famylje de kommende tiid in hiel soad sterkte ta mei dit ferlies.

V.V. Oosterlittens.

 

Picture2.png


Picture3.png
Jubileumwedstriid 2010 tsjin âld S.C. Heerenveen
Picture4.png

Hjir noch yn aksje yn tarieding op jubileumwedstriid 2010

Picture5.png

Seizoen 1991-1992
Picture6.png

Seizoen 1992-1993

Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!