Cookie beleid vv Oosterlittens

De website van vv Oosterlittens is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Binnen de site worden er op dit moment geen analytische cookies gebruikt.

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

It Tredde as middenmotor de winterstop yn

It Tredde as middenmotor de winterstop yn

Blauw Rood 2JM

2 - 4

VV Oosterlittens 3

22'
40'
60'
75'
Atze Achttien (penalty)

Competitie

5e klasse 09

Datum

17 december 2023 10:30

Scheidsrechter

L. Vis

Accommodatie

Sportpark Het Bolwerk
Badweg 3
8701XG
BOLSWARD
tel. 0515-572797

Boalsert – Ofrûne snein kaam allinnich It Tredde fan Sir Doede en syn kompaan Sikco yn aksje. Op it
krease tiidstip fan 10.30 oere tsjin Blauw Rood 2 JM yn Boalsert. Dochs kaam de delegaasje fan
Weidum, sa as hast altyd, te let. Dochs stienen de Weidumers yn de basis. Doede wie ôfrûne freed
beneamd ta erelid fan V.V. Oosterlittens nei’t hy nei 20 jier, wêrfan 18 jier as foarsitter, yn it bestjoer
sitten hat. Ek Krige hy in Gouden Wardearringsspjeld fan de KNVB.

Dan de wedstriid. Nettsjinsteande dat de oare teams frij wienen, bestie de seleksje allinnich út
spilers fan It Tredde. Mei in seleksje fan mar leafst 17 spilers, wêrûnder ek it technysk duo. De
wedstriid begong wat stroef foar de Littenser. Se hienen muoite mei de rappe en beweeglike spitsen
fan Blauw Rood. Blauw Rood is de sneinse tak fan Boalsert. SC Bolsward spilet op sneon. Yn de 18 e
minuut kaam de thúsklup op foarsprong troch in skot út de 2 e line. Mar ek It Tredde hat in rappe
spits yn de foarm fan Bokke Harmen. Yn de 25 e minuut gong de Flammer fan Wammert der fan
troch, joech de bal foar, mar fia de kluts bedarre de bal úteinlik yn de goal, 1-1 dus. Nei in goede
oanfal fan Blauw Rood kaam de bal by de linkerspits, en syn skot waard noch fan rjochting feroare en
sa kaam de 2-1 op it skoreboerd yn de 35 e minuut. Mar noch foar de té brocht Atze Achttien de
ploegen wer yn lykwicht.

Blykber wie de lieding fan It Tredde net tefreden, want der kamen 4 farske spilers yn. Blauw Rood
spartele noch efkes tsjin yn de 2 e helte, mar de spitsen wienen al aardich útraast. Neffens de wiksels,
wêrûnder Laurens, kaam dat omdat de ferdediging fan de 1 e helte de spitsen kapot spile hienen. It
Tredde moast dus no mar de fruchten plukke, en dat die it ek yn de 60 e minuut. De skiedsrjochter,
dy’t prima fluite, koe neat oars dwaan dan in strafskop te jaan oan Littens. Atze easke de bal op en
makke de 2-3. Dêrnei wie it wachtsjen op de 2-4 en dy kaam der ek rûn de 80e minuut. Atze Achttien
makke syn 3e hattrick fan dit seizoen. En 2-4 wie ek de einstân.

Nei 9 wedstriden stiet It Tredde op in 7e plak mei 12 punten. Dizze punten binne ta stân kommen
troch 4 oerwinningen. Dêrneist dus ek 5x ferlern. Yn dizze 9 wedstriden makke It Tredde 29 goals en
krige it 24 tsjin. Fan dizze 29 kamen 13 fan it lichem fan Atze, 4 fan Linos (de Grykse Sikco), 3 fan Jan
en Bokke Harmen, 2 fan Douwe-Hains (in nije oanwinst dit seizoen), en 1 fan Jelle Jan, Sjoerd, Stefan
en 1x e.d. Efkes in funfact: Atze makke syn 13 goals yn de lêste 5 wedstriden, yn de earste 4
wedstriden wie hy 3x keeper en moast hy 9x fiskje. Syn doelsaldo is dus +4. De grutste oerwinning
wie op 5 novimber op Super Sunday by Friesland 3: 0-9. It grutste ferlies by ST Sneek Wit Zwart/Black
Boys 2: 7-1.

Wêr’t âld foarsitter Doede by sa’n bytsje alle wedstriden fan It Tredde oanwêzich is, sa moat de nije
foarsitter noch wenne oan syn nije status. De yn de Súdwest-Fryslân wenjende foarsitter wie lekker
oan it klussen yn syn nije wenning ��
Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!