Twitter logo   Facebook logo

Bericht van overlijden; Trienke van der Weide

Afgelopen zondag is mevrouw Trienke van der Weide, vrouw van erelid Albert van der Weide, komen te overlijden. Ons medeleven gaat uit naar de kinderen, kleinkinderen en over-kleinkinderen.

In 2014 stond er nog een prachtig stuk in de krant ter ere van hun 60-jarig huwelijk (bron; grootsneek.nl)
 

Sechstich jierrich houlik Albert en Trienke vd Weide

Easterlittens – Moandei 14 april o.s. is it 60 jier lyn dat Albert van der Weide (26-7-1927, te Easterlittens soan fan molkboer Pieter v.d. Weide en Sjoerdtsje Tolsma) en Trienke Hannema (3-8-1932, te Húns, slachtersdochter fan Hessel Hannema en Feikje Hingst) de lapen gearsmieten. Se hawwe har yn Easterlittens te wenjen set yn it winkelpân oan it wetter, wat letter de Loayerstrjitte hjit.
 
Nei syn yndiëjierren hat Albert earst as timmerman wurke by Wybenga yn Baard mar om’t der ek yn dy tiid net folle wurk mear wie, ha Albert en Trienke besletten de winkelsaak oer te nimmen fan omke Douwe en muoike Pierkje v.d. Weide. De konsekwinsje hjirfan wie wol, dat se de earste tiid mei de âlde minsken ûnder ien dak wenje moasten.
Van der Weide, dy’t de molkkarre earder dat jier (1954) al fan syn heit oernaam hie en alle dagen sutelje moast, wie no ek winkelman. Lykwols yn ferbân mei it útsuteljen fan ‘e suvelprodukten, wie frou Van der Weide, foar de Littensers ‘Trienke’ de meast driuwende krêft yn ‘e winkel.
Nei in pear ferbouwings waard der yn 1974 in stik oan de winkel set, sadat it in lytse “supermarkt” waard. Dizze hat oant begjin 1992 bestien. Doe hawwe Albert en Trienke de winkel sletten. Om’t der net in opfolger wie, binne se yn it pân wenjen bleaun. Yn desimber 2012 ferhuzen se nei in oanleunwente yn “Nij Dekema” te Weidum.
Yn it sosjale libben fan Easterlittens hawwe Albert en Trienke fan alles dien. Sels yn syn tiid as aktyf fuotballer yn it 1e fan VVO wie er foarsitter fan dizze feriening en dat hat meielkoar sa’n 32 jier duorre. Hjir is er foar ûnderskieden troch de KNVB. Ek hat er jierren foarsitter west fan de Sportkommisje, in soarte fan oerkoepeljend orgaan oangeande de sportaktiviteiten yn Littens. Trienke wie in fûleindich gymnaste en letter mocht se graach volleybalje. Boppedat wie se in echte supporter by it fuotbaljen en keatsen. Oant harren ferhuzing ta, reizigden se tegearre eltse snein nei de út en thús wedstriden fan it earste fan VVO. Ek doe’t de pake en beppesizzers fûleindich sporten, wiene se geregeld fan de partij.
Van der Weide hat sa’n 20 jier siktaris west fan de “Bond van Friese Melkhandelaren”, dêr’t de belangen fan de molkboeren fertsjintwurdige waarden.
Albert en Trienke van der Weide hawwe 2 bern, 3 bernsbern en sûnt in pear wike in oerpake- en beppesizzer, Brend Arjen.

» Berichtenarchief